NAACP Image Award

NAACP Image Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar film, tillefyzje, muzyk
en literatuer
útrikt troch NAACP
frekwinsje 1x jiers
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1967
1e útrikking 1967
offisjele webside
www.naacpimageawards.net

De NAACP Image Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier, ornaris yn febrewaris of begjin maart, útrikt wurde troch de boargerrjochtebeweging NAACP oan Afro-Amerikanen dy't in wichtige prestaasje levere hawwe op it mêd fan film, tillefyzje, muzyk en literatuer. De útrikking fûn foar it earst plak yn 1967, en wurdt sûnt 1994 live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. De seremoanje wurdt yn 'e regel yn of deunby Los Angeles holden.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search